Traine foar WK sportfiskjen

20 aug 2012 - 14:50

75 Angelers út fyftjin lannen meitsje harren yn Ljouwert klear foar it wrâldkampioenskip sportfiskjen foar froulju. De offisjele wedstriid begjint sneon, mar by it Van Harinxsmakanaal sit it no al fol. De organisaasje ferwachtet tûzenen besikers. Der is ek krityk. De Partij foar de Dieren hat him negatyf útlitten oer de wedstriid. De organisaasje tinkt net dat dat foar problemen soarget.

De offisjele wedstriid is sneon en snein. De ploech dy't de measte kilo fisk fangt, giet mei goud nei hûs.

Trefwurden: 
WK froulju angeljen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)