Brêge Terwispel noch net klear

De Spaltenbrêge yn Terwispel kin foarearst net brûkt wurde © Omrop Fryslân, Alle Faber
De brêge yn Terwispel bliuwt foarearst iepenstean. It probleem is noch net hielendal yn kaart brocht.
De brêge kin sûnt freed net meat ticht om't er stikken is. B en W fan 'e gemeente Opsterlân nimme tiisdei in beslút oer hoe't it no fierder moat. Al dy tiid dat de brêge net ticht kin, moat it ferkear omride. Boatsjes op de toeristyske Turfrûte kinne der wol del.