Hells Angel foar de rjochter

20 aug 2012 - 14:12
  • Justysje

Foar de rjochtbank yn Ljouwert moat tiisdei in Hells Angel terjochtstean foar it gizeljen fan in frou en in bern út Easterwâlde. Oanlieding is in rûzje yn it drugssirkwy. De man fan it slachtoffer wie koart dêrfoar oanhâlden troch de plysje, wêrby't in grutte partij drugs yn beslach naam waard.

De Hells Angel wie op syk nei de partij en gie nei de frou ta. Hy naam har en har bern ûnder twang mei yn in auto nei De Lemmer. De man dy't terjochtstean moat, komt út Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)