Rest koperskat noch yn see

20 aug 2012 - 11:38

It grutste part fan it skipswrak dat op Skylge oanspield is, leit nei alle gedachten noch yn de Noardsee. Dat seit konservator Frans Schot fan museum Het Behouden Huys. It grutste part fan de koperskat dy't fûn, is noch oan board fan dat wrak yn see. Yn it diel dat fûn is, sieten 40 koperen pannen, 15 bondels koperstaafkes en kralen dy't brûkt waarden as betelmiddel.

It wrak bliuwt op it strân. De lading is útstald yn it Skylger museum. It skip wie ûnderweis nei Amsterdam of Skandinavië, is nei alle gedachten yn de 18 ieu fergien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)