Plysje skopt troch lilke man

20 aug 2012 - 10:37
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In 32-jierrige man út Easterwâlde is sneintenacht oanhâlden nei't er in plysjeman mishannele en mei de dea bedrige hie. De plysjes wiene nei it doarp ta gien nei in melding fan húslik geweld. De man hie rûzje mei syn freondinne en út lulkens twa ruten stikkenslein.

Doe't de plysjes him oanhâlde woene, naaide er út. In plysjeman gie der derachteroen en der ûntstie in wrakseling. Dêrby skopte de man de plysje tsjin de knibbel. De man is yn de boeien slein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)