Mishanneling om hûn

Geweld © Omrop Fryslân
In 29-jierrige ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat sneintenacht syn 29-jierrige freondinne mishannele by in rûzje oer in hûn. De man woe de hûn slaan om't it bist by it útlitten net skite woe. Doe't de frou der wat fan sei, krige se sels klappen.
It slachtoffer belle de plysje en die oanjefte tsjin har freon. De man hat in kontakt- en strjitferbod krigen.