Hurdrider is rydbewiis kwyt
In 24-jierrige automobilist út Boelensloane is snein syn rydbewiis kwytrekke. De plysje trapearre de man doe't er mei 184 kilometer yn 'e oere oer de A7 op de grins fan Fryslân en Grinslân ried.
De man waard fuortendaliks fan de dyk helle. Hy is syn rydbewiis kwyt en krige in proses-ferbaal.