Iris vd Veen wint PC-generale
It partoer fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hat snein it haadklassekeatsen by de froulju yn Akkrum wûn. Yn de finale moasten se it opnimme tsjin Romy van der Veen, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra en wûnen dat mei 5-2 en 6-2. De partij wie de generale fan de frouljus-PC kommende woansdei yn Weidum.