Friezen somber oer arbeidsmerk

19 aug 2012 - 14:38

Friezen binne net optimistysk oer de arbeidsmerk no en yn de takomst. Se binne ek minder posityf as de trochsneed Nederlanner, hielendal as it om de ferwachting foar de kommende seis moannen giet. Lanlik ferwachtet 46 prosint dat de arbeidsmerk der noch fierder op achterút giet.

Fan alle Nederlanners ha de Friezen mei 52 prosint it minste fertrouwen yn de takomst fan dy arbeidsmerk. Dat docht bliken út in enkête ûnder it EenVandaag en Omrop Fryslân opinypanel.

Neffens vice-foarsitter Piet Fortuin fan CNV-fakminsken is it terjochte dat de Friezen der sa oer tinke. De ekonomyske dip hat hjir ek gruttere ynfloed as yn in soad oare provinsjes omdat hjir relatyf in soad lytsere bedriuwen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)