Soad toerswellen yn Fryslân

19 aug 2012 - 14:29

De toerswel is de meast foarkommende fûgel binnen de beboude kom yn Fryslân en dêrmei wike we ôf fan it lanlik byld. Ek de oare soarten sweltsjes dogge it hjir goed. Dat docht bliken út ûndersyk fan Sovon Vogelonderzoek. Elke seis jier wurdt der troch frijwilligers teld en lanlik stiet de ka op ien mei de toerswel pas op it fiifde plak.

Yn de Fryske top fiif stiet ek de kob wylst dy fûgel lanlik lang sa heech net stiet. Neffens in wurdfierder fan Sovon komt dat trochdat wy in soad doarpen mei plattelân deromhinne hawwe.

Dat smyt oare soarten op as yn oare parten fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)