Ljouwerter smyt motor om
In 29-jierrige Ljouwerter is sneontejûn oanholden foar fernieling. Op de Lieuwenburg yn syn wenplak hie er spul krigen mei in pear minsken. Under har wie ek in 46-jierrige man út Ljouwert. De fertochte smiet de motor fan de man om. De motor rekke skansearre. De plysje hat de fertochte oppakt en proses-ferbaal jûn.