Frou ferwûne troch eigen auto

19 aug 2012 - 13:44

In frou fan 70 jier út it Dútske Blomberg is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn Haulerwyk. Se wie de auto oan it útladen en frege har man de ruten fan de auto iepen te setten. Dy die dêrom de kaai yn it kontakslot. Hy draaide lykwols te fier troch, wêrtroch't de auto starte en foarút ried.

De frou stie op dat stuit foar de auto en kaam klem te sitten tusken har eigen en in oare auto. Se rekke ferwûne oan in skonk en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Haulerwyk ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)