Besunigje op ferljochting
De gemeente Achtkarspelen begjint mei proeven om te besunigjen op de iepenbiere ferljochting. Alle doarpen dogge mei. De gemeente wol ûndersykje oft it ferantwurde is om minder of minder fel ljocht te hawwen. De proef hat trije farianten. It dimmen fan de ferljochting yn de beboude kom, it om en om útskeakeljen fan de ferljochting yn de beboude kom en it foar in part útdwaan fan de ferljochting yn it bûtengebiet. Der binne noch folle mear mooglikheden, mar neffens Achtkarspelen wurdt dat te djoer.
De proef duorret oant begjin takom jier. Dêrnei wurde de resultaten evaluearre mei de ferienigingen fan Pleatslik Belang. It is úteinlik oan de gemeenteried om te bepalen oft en wêr't besunige wurdt op de iepenbiere ferljochting.