Krekt gjin stunt Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat it earste punt yn de earedivyzje binnen troch in 1-1 lykspul yn Rotterdam tsjin Feyenoord. De wedstriid kaam nei in healoere echt los mei de thúsploech as boppelizzende partij. Keeper Nordfeldt koe lykwols syn goal skjinhâlde. Yn it twadde bedriuw kaam Hearrenfean op foarsprong. Filip Djuricic waard troch Joris Mathijsen (hy krige read) delhelle en fersulvere yn de 77e minút sels de penalty. Seis minuten letter glide Zuiverloon út en profitearre Ruben Schaken: 1-1.