Winst debutant Snits Wyt Swart

18 aug 2012 - 22:16
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso Snits soarge foar in prachtich debút yn de sneinstopklasse. Yn Rijswijk waard Haaglandia, ferline seizoen de nûmer twa, mei 2-1 ferslein. Nei fiif minuten kaam de thúsploech op foarsprong, mar Ramon Giro Batalla makke noch foar it skoft de earste Snitser goal yn de topklasse. De winnende treffer wie in hiele bysûndere. Erolind Derguti fûn fan sa'n 45 meter de lege Haaglandia goal neidat de keeper in djippe bal min ferwurke. De ploech fan trainer Johan Groote kaam dêrnei wol ûnder druk, mar rekke net yn 'e war.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)