Tropyske dei yn Fryslân

18 aug 2012 - 17:29

In echte tropyske dei sneon yn Fryslân mei temperatueren om de 30 graden hinne. Foar de leafhawwer wie it in hearlike dei oan it strân. Op it Harnzer strân sochten de earsten al betiid in plakje op. In protte minsken ha ek de boat naam nei ien fan de Fryske waadeilannen. Op it Skylger strân wie it dan ek drok.

Der wiene ek tal fan eveneminten yn de provinsje, lykas it konkoers hippyk yn Burgum en de skeelertocht yn Barlehiem. By guon waarden maatregels nommen tsjin de waarmte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)