Helmholt wint yn Grypskerk

18 aug 2012 - 16:43

It fierljeppen by de manlju yn Grypskerk is sneon wûn troch Bart Helmholt. By syn lêste sprong kaam er út op 20.45 meter. Thewis Hobma sprong trije kear oer de 20 meter, mar rêde it mei 20.38 as fierste sprong krekt net op.

By de junioaren gie de winst nei Hans Ulco de Boer mei 18.09 meter. By de jonges ljepte Tom Hoekstra mei 17.60 meter it fierst en by de froulju wie Grytsje Abma de nûmer ien mei 15.06 meter. Takom wike foarmet it NK de ôfsluting fan it ljepseizoen.

Bart Helmholt en Tom Hoekstra binne noch yn de race om de Gouden Rige te winnen. Eltse fierljepôfdieling fan it Frysk Ljeppers Boun hat in klassiker. Yn Gryptsjerk wie de sechsde fan it seizoen. Tiisdei yn Drylts is de sânde en lêste: de Fryslân Cup. Wa't alle sân wint krijt 1000 euro. Bart Helmholt en Tom Hoekstra ha oant no ta alle klassikers wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)