Fernielings yn Makkum

12 des 2011 - 12:44

Fandalen hawwe dit wykein yn Makkum in AED-apparaat fernield. It reanimaasje-apparaat lei yn de hal fan de Rabobank. Fierders binne der ek krystbeammen yn de Tsjerkestrjitte tamtearre. Se hongen yn lampepeallen. Fan de tsien krystbeammen binne acht stellen en twa fernield.

Der is ek in Sarahpop by ien yn de tún fernield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)