Finale keatsen Minnertsgea

17 aug 2012 - 20:52

De keatspartij yn Minnertsgea dy't op 18 july troch de rein net útkeatst waard, is freedtejûn ôfmakke. De earste priis wie foar Maaike Osinga, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Osinga keatste yn it plak fan de blessearre Lisette Wagenaar.

Yn de finale waard it partoer Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra mei 5-3 en 6-0 ferslein. De tredde priis wie foar it partoer fan Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Aukje Van Kuiken.

Trefwurden: 
rein keatsen Minnertsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)