Tûzenen by Epkefeest De Lemmer

17 aug 2012 - 19:27

Nei de huldiging op It Hearrenfean tongersdei wie freedtejûn De Lemmer oan bar om âld-ynwenner en turner Epke Zonderland te huldigjen. Tûzenen minsken kamen op it feest ôf. Dat begûn mei in rûnfeart troch it fersierde Dok en de Binnenhaven.

Op it plein foar it gemeentehûs is Zonderland huldige troch boargemaster Stellingwerf en deputearre Schokker. Epke krige de earepenning fan de gemeente Lemsterlân. Spesjale gast wie Hans van Zetten, dy't foar de NOS kommentaar joech by de Olympyske rekstôkfinale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)