Brânwacht hellet frou út slyk

17 aug 2012 - 17:17
  • De frou siet fêst op it swarte plak, tichtbij de geul

De brânwacht hat freedtemiddei by de Swarte Haan op It Bilt in frou út it slyk helle. De frou wie mei leech wetter in stikje it Waad oprûn om foto's te meitsjen, doe't se frij tichtbij de geul fuortsakke en fêst rekke.

Om't se der net sels mear útkomme koe waard de brânwacht en in ambulânse der by helle. De brânwacht hat har út it slyk lutsen. De frou rekke net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)