Twa Friezen starte yn Vuelta

17 aug 2012 - 17:13
  • Pieter Weening

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema sil yn de Vuelta op syk nei syn tredde oerwinning yn in grutte ronde. Nei syn etappe-oerwinning yn de Tour de France en syn rôze liederstrui yn de Giro fan ferline jier wol hy ek yn de Ronde fan Spanje in etappe op syn namme sette. De Vuelta set sneon útein yn de strjitten fan Pamplona.

Njonken Weening rydt ek Ljouwerter Bauke Mollema mei. Hy wol revâns foar syn minne Tour de France. Mollema foel doe út neidat hy swier fallen wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)