Kanaal 30 ek yn Achtkarspelen

17 aug 2012 - 15:35

RTV Kanaal 30 mei tenei ek útstjoere yn Achtkarspelen. Dat hat it kommissariaat foar de media besletten. Kanaal 30 stjoerde al út yn Tytsjerksteradiel en kaam yn 2007 mei plannen om ek yn Achtkarspelen út te stjoeren.

Dat it beslút sa lang op him wachtsje liet, hat te krijen mei in proseduereflater by it ferlienen fan de fergunning en in beswier fan konkurrint-omrop Noardeast-Fryslân. It bestjoer fan Kanaal 30 wol mei de gemeente Achtkarspelen om tafel om te praten oer in subsydzje fan 15.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)