Finnbogason mist Feyenoord

17 aug 2012 - 15:27

De nije Hearrenfeanspits Alfred Finnbogason kin sneon net meidwaan tsjin Feyenoord. De Yslanner moat noch frijjûn wurde troch it Belgyske en Sweedske fuotbalbûn.

Nei alle gedachten sil Matthew Amoah no spylje. It plak fan de blessearde Jeffrey Gouweleeuw wurdt ynnaam troch Arnold Kruiswijk. Ek linksback Jukka Raitala kin net meidwaan. Hy hopet wer fit te wêzen foar it duel fan tongersdei yn en tsjin Molde.

De opstelling komt der dêr dan sa út te sjen: Nordfeldt, Zuiverloon, Kruiswijk, Zomer, El Akchaoui, Kums, De Roon, Djuricic, Van La Parra, Amoah en Tanane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)