Spaltenbrêge wykein omheech

De Spaltenbrêge by Terwispel bliuwt de kommende tiid iepen stean, sadat boaten de Turfrûte brûke bliuwe kinne. It ferkear op de dyk moat sa lang omride oer De Gordyk. De brêge kin net mear betsjinne wurde troch in technysje steuring. Ien fan de knieren is knapt.
De gemeente Opsterlân is eigner fan de brêge en sil yn it wykein in beslút nimme oer hoe't it fierder moat mei de Spaltenbrêge. Ien fan de mooglikheden is om de brêge ek nei it wykein omheech stean te litten.