Jiskewein mei ôffal yn brân

© ANP XTRA
De lading fan in jiskewein is freed yn Ljouwert yn brân flein. De wein hie in kontener mei grut ôffal achterop. Yn de Victoriestrjitte seach de sjauffeur dat de lading yn brân stie. Hy bespcjt earst noch om it fjoer sels te blussen, mar dat mislearre.
Dêrom sette de man de lading op strjitte. De brânwacht hat it fjoer dêr útmakke. De laadbak fan de frachtwein rekke skansearre.