Ek kadavers ophelje op sneon

17 aug 2012 - 12:52
  • Rendac

Destruksjebedriuw Rendac út Sumar sil ek sneon kadavers ophelje. Se dogge dat fanwege de tropyske temperatueren fan it kommende wykein. De kadavers dy't troch de boeren lâns de kant fan de dyk lein wurde ûntbine folle gauwer troch it waarme waar en begjinne ek te stjonken.

It bedriuw hellet ornaris allinnich troch de wike kadavers op. Rendac ferwachtet dat sneon sa'n 2.000 boeren yn hiel Nederlân gebrûk meitsje sille fan de ekstra opheldei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)