Wetterskip lit wetter yn
Wetterskip Fryslân lit dizze dagen wat mear wetter fan de Iselmar de Fryske boezem yn. Troch de hege temperatueren ferdampt it wetter hurder, en sadwaande kin der wat ekstra wetter ynstreame.
It wetterskip hoecht fierder gjin maatregels te nimmen fanwege de waarmte. Omdat it de lêste tiid behoarlik reind hat is it wetterpeil yn de Fryske boezem heech genôch.