Frou (68) betrapet ynbrekkers

17 aug 2012 - 10:24
  • Ynbraak

In ynwenster (68) fan Ysbrechtum hat tongersdei twa ynbrekkers betrape. De frou trof de twa moarns oan yn har wenkeamer. Se naaiden dêrop út. De frou gie achter harren oan, mar ferlear se koarte tiid letter út it each.

De plysje hat ek noch nei de twa socht, mar se net fûn. Der is ek útsjoen nei de auto dêr't de ynbrekkers mooglik yn fuortriden binne. De plysje siket no minsken dy't mear witte oer de ynbraak. By de ynbraak is foarsafier bekend neat meinommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)