Trekkers stellen yn Boalsert

Fan in bedriuweterrein yn Boalsert binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa trekkers stellen. Dat wie by in bedriuw op it Industriepark. Ut it ûndersyk fan de plysje hat bliken dien dat der in auto mei in Poalsk kenteken by belutsen wie mei fjouwer ynsittenden.
Ek wit de plysje dat de fjouwer oer de Twibaksdyk yn de rjochting fan it Marnekolleezje fuortriden binne. It giet om trekkers fan it merk John Deere. De plysje wol graach kontakt mei minsken dy't mear witte fan de stellerij.