Twa dealers oppakt yn Ljouwert

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Twa Ljouwerters binne tongersdeitemiddei oanhâlden op fertinking fan hannel yn harddrugs. Twa plysjes seagen de man en frou yn in auto yn de Borniastrjitte yn Ljouwert en seagen dat der mooglik hannele waard yn drugs. Dêrop ha sy de ynsittenden kontrolearre en ek de auto trochsocht. Yn de auto troffen sy ferskate pûdsjes oan mei dêryn nei alle gedachten amfetamine.
De man (36) en de frou (21) binne meinaam nei it buro en sitte fêst foar neier ûndersyk. De auto en de drugs binne yn beslach naam.