Wurk oan Saailân giet troch

16 aug 2012 - 20:38

Om de deadline fan 1 septimber te heljen, giet it wurk oan it nije Saailân yn Ljouwert dizze boufakfakânsje gewoan troch. Twa bestrjittingsbedriuwen út Drachten en De Jouwer binne mei 14 strjitlizzers oan it wurk. Op it Saailân is it measte wurk yntusken klear, it konsintrearret him no yn de Prins Hendrikstrjitte.

Dy is hielendal ôfsletten, ek foar lijnbussen. Op 3 septimber moatte de bussen dêr wer lâns kinne. Op it Saailân wurde letter noch bankjes en lantearnepeallen pleatst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)