Kostber antyk stellen

16 aug 2012 - 17:14

Ein maaie is by in ynbraak yn Ljouwert in soad kostber antyk stellen út in wente yn Ljouwert. It ûndersyk fan de plysje sit fêst en dus komme se no mei in oprop en foto's fan it guod op de webside www.dadergezocht.nl. It giet ûnder oare om sulveren en gouden klokjes, penningen en munten. De kolleksje is bysûnder om't it measte guod Siryllyske ynskripsjes ha. De plysje tinkt dat it stellen guod mooglik te keap oanbean wurdt. De wearde fan de kolleksje rint yn de tsientûzenen euro's.

Trefwurden: 
plysje stellerij antyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)