Brundel wint silen Ychtenbrêge

16 aug 2012 - 16:31

Tony Brundel hat tongersdei de IFKS yn de A-klasse wûn. By Ychtenbrêge wie op de Tsjûkemar de fyfde wedstriid. It is Brundel syn twadde oerwinning dit jier. Kees van der Kooij wie twadde en tredde wie Henk Regts. Nei in massale falske start makke Henk Regts op 'e nij in falske start en moast foar in tredde kear starte. De Ut en thús koe troch goed silen úteinlik dus as tredde oer de streek komme.

Tony Brundel liedt it klassemint mei 5.8 punten. Jelle Talsma stiet twad mei 13.9 punten.

Yn de lytse A-klasse wie Sietse Broersma mei de Avontuur de bêste. Yn de B-klasse wie Robert de Jong as earste binnen en yn de C-klasse wûn Froukje Osinga-Meijer mei de Jonge Jasper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)