Tips oer sjitterij Drachten

16 aug 2012 - 15:31

De plysje hat fiif tips binnenkrigen yn it ûndersyk nei in sjitpartij yn Drachten. In bewenner (37) yn de wyk Folgeren waard yn de nacht fan 17 op 18 maaie wekker fan it alarm yn syn himpkwekerij dêr't 4 manlju oan it wurk wiene. Doe't er by de kwekerij kaam, seach er 4 oare manlju by de skuorre omrinnen. Dy naaiden út. De Drachtster sette de achterfolging yn, mar waard troch de fertochten delsketten. De plysje hat foto's op de webside www.dadergezocht.nl pleatst.

Trefwurden: 
Drachten plysje sjitterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)