Mear klips op Fryske televyzje

12 des 2011 - 10:34

De nije ynternetstjoerder Klipkar TV is fan no ôf op twa mominten fan de dei ek op Omrop Fryslân Televyzje te sjen. Dat is middeis tusken fjouweren en fiven en en nachts tusken tolven en ienen. Klipkar TV op ynternet is op 24 septimber fan dit jier begûn en lûkt alle wiken wer tûzenen sjoggers.

Omrop Fryslân wol mei de nije útstjoertiden op it gewoane televyzjekanaal it poadium foar Fryske bands en harren klips grutter meitsje. It giet foarearst om in eksperimint fan in moanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)