Dronken tsjin lampepeal botst

12 des 2011 - 10:05

Op de Raai yn Drachten is sneintejûn in man út Easterwâlde mei de auto tsjin in lampepeal riden. Hy rekke net ferwûne, mar de plysje krige al gau it idee dat er tefolle dronken hie. De man moast mei foar in azemanalyze.

Op it buro die bliken dat er yndie flink ûnder ynfloed wie. De man krige in boete en moat ek de skea oan de lantearnepeal fergoedzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)