Aldehaskers swier ferwûne

© Omrop Fryslân
Twa manlju fan 24 jier út Aldehaske binne yn de nacht fan sneon op snein swier ferwûne rekke by in ûngelok op de A6 by Bant. De bestjoerder helle in frachtwein yn en rekke de macht oer it stjoer kwyt.
De auto fleach in pear kear oer de kop en kaam yn de berm telâne. Ien fan de manlju wie sa swier ferwûne dat er mei de traumahelikopter nei in spesjalisearre sikehûs brocht is.