Snits Wyt Swart krekt ûnderút

11 des 2011 - 16:46
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart Boso hat snein yn in spannende wedstriid mei 4-3 ferlern fan Alcides yn Meppel. De Snitsers begongen goed oan de wedstriid mei in betiid doelpunt fan Marcelino Merino Morato. De thúsploech út Meppel makke noch foar de tee de lykmakker.

Nei it skoft pakten de Meppelers yn in lykopgeande striid de 2-1 foarsprong. Robin Huisman de Jong sette de 2-2 op it boerd. Yn in spannende slotfaze opnij in foarsprong foar Meppel, folge troch de lykmakker fan Kevin Huitema. It fenyn siet him yn 'e sturt, want yn blessueretiid pakte de thúsploech mei in ferwoestend skot de winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)