Krekt gjin punten foar SCO

11 des 2011 - 16:38

De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea hawwe snein krekt ferlern fan VADA. Yn in spannende wedstriid luts de ploech fan trainer Robin van Dalen mei 17-18 oan it koartste ein. De begjinfaze wie foar de thúsploech, mar nei it skoft naam VADA de lieding oer. Mei noch tsien minuten op 'e klok seagen de SCO'ers tsjin in 14-16 efterstân oan. Gelykopgeande skoares soargen foar in spannende einfaze, mar de lykmakker fan de thúsploech bleau út.

Trefwurden: 
kuorbal SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)