Plysjeman krijt skop

11 des 2011 - 16:23

In 20-jierrige man út Ljouwert is sneintemoarn betiid neffens de plysje folslein trochdraaid. Om kertier oer fjouweren nachts op de Nijstêd skold er de plysje út. De plysje spruts him dêrop oan, mar de man waard lilk. Hy misledige de plysjes, bedrige harren en skopte ien fan de plysjes tsjin de skonk.

Doe't de plysjeminsken him oanhâlde woenen foar mishanneling en mislediging, woe er perfoarst net de plysjeauto yn. De Ljouwerter aksele bot tsjin. Underweis nei it buro die er itselde. De man is ynsletten op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)