It Bilt siket boaiemfynsten

11 des 2011 - 12:42

Yn Aldebiltsyl komt takom jier in eksposysje oer boaiemfynsten út It Bilt. Yn it archeologysk stipepunt De Aerden Plaats is no benammen guod te sjen fan bûten de gemeente. It bestjoer wol dat dêr feroaring yn komt. Dit wykein koene ynwenners dêrom âld guod en fynsten nei it besikerssintrum tabringe, sadat se letter tentoansteld wurde kinne.

De ynbringers koene yn it archeologysk stipepunt ek ynformaasje krije oer de eigen fynsten. De bedoeling is dat de tentoanstelling oer boaiemfynsten út It Bilt yn de hjerst fan 2012 te sjen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)