Postma krekt gjin kampioen

11 des 2011 - 09:49

Pieter-Jan Postma is krekt gjin wrâldkampioen yn de Finn klasse wurden. Op it wetter by Perth yn Australië wûn Postma de medaljerace, mar syn grutte konkurrint Giles Scott fan Ingelân einige op it twadde plak. Dat wie foar Scott krekt genôch om de Fryske siler ien punt foar te bliuwen yn de einstân.

Giles Scott waard yn de tsien reguliere races trije kear earste, Pieter-Jan helle fjouwer 'ientsjes'. Nei de finale tusken de bêste tsien fan it klassemint hat Scott 30 punten en Postma 31.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)