Aris wint alwer

10 des 2011 - 22:34

De basketballers fan Lasaulec Aris ha foar de fjirde kear op rige wûn. Dizze kear wie Nijmegen de mindere. Aris wûn mei 76-69. De ploech fan Erik Braal sette fûl út ein en wûn it earste kwart dik: 26-13. Pas yn it tredde kwart kaam Nijmegen ien kear oant in punt werom, mar de Ljouwerters rûnen dêrnei wer út.

Mark Sanchez wie topskoarder mei 18 punten. De earste seis ploegen yn de basketballeague stean allegear ticht byinoar. Aris is no fjirde, mar hat mar twa punten minder as de nûmer ien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)