Harkemase Boys ferliest

10 des 2011 - 17:29

Topklasser Harkemase Boys hat sneontemiddei de earste wedstriid ûnder lieding fan ynterim-trainer Robert Herder mei 5-2 ferlern fan Katwyk. De Katwikers wienen hear en master op eigen fjild. Yn de 35e minút kaam de thúsploech op 1-0 foarsprong, folge troch in rappe twadde treffer.

Nei rêst wie it op 'e nij Katwyk dat it Harkemase doel wist te finen. By in stân fan 4-0 wisten de Boys de spanning in bytsje werom te bringen yn 'e wedstriid. Koos Werkman sette de Boys op 4-1, folge troch in twadde doelpunt fan Jordy van Wijk. De fiifde Katwykse treffer yn de blessueretiid bepaalde úteinlik de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)