Ferlies foar ONS

© Omrop Fryslân
Koprinner ONS hat sneontemiddei mei 3-1 ferlern fan ACV, de nûmer fjouwer yn de haadklasse C. De Snitsers begûnen sterk. Al yn de fiifde minút wie it Ale de Boer dy't syn ploech mei in kopbal fertsjinne op foarsprong sette. In kertier letter mocht Martijn Roosenburg plaknimme efter de alvemeterstip, mar hy seach syn skot op de fûsten fan de ACV-keeper belânjen.
Nei rêst makke in sterker ACV yn de 61e minút lyk. Tsien minuten letter wiene it de Snitsers dy't tsjin in efterstân oanseagen. Krekt foar it einsinjaal foel it tredde doelpunt foar de thúsploech út Assen, dy't noch altyd net ferlern hat op eigen fjild.