VMBO-g's net altyd goed

10 des 2011 - 15:38

Tweintich persint fan de saneamde VMBO-g-opliedings yn Fryslân hellet in ûnfoldwaande. Dat docht bliken út sifers fan de Underwiisynspeksje dy't sneon yn Trouw stean. Dy 'g' stiet foar 'gemengde leerweg'.

Fan de 51 Fryske VMBO's mei in mingde learwei helje sân it rapportsifer fiif. Trije skoallen komme net heger as in fjouwer. Dat binne de VMBO's yn Ljouwert, Snits en Surhústerfean. In protte eineksamenlearlingen yn de mingde learwei helje by belangrike fakken ûnfoldwaandes. Se slagje wol omdat de sifers kompensearre wurde troch de skoalûndersiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)