Iris by lêste sechstjin TVOH

10 des 2011 - 15:20

Iris Kroes út Drachten hat freedtejûn in plak bemachtige by de lêste sechstjin dielnimmers oan it populêre RTL4-programma The Voice of Holland. De 18-jierrige kommunikaasjestudinte song yn de live-útstjoering it nûmer Foolish Games fan Jewel en begelate harsels op harp.

Coach Marco Borsato wie optein oer Iris har prestaasje. Neffens Borsato makket Kroes fan de harp in hype. Presintator Winston Gerschtanowitz fertelde dat it Sineeske restaurant yn Drachten dêr't de sjongeres wurket, in spesjaal Iris Kroesmenu hat. Iris hat yn 2009 ek alris meidien oan de The Fryske Music Night yn it duo Iris en Piter. Se wûnen doe de wedstriid '3 minuten spylje op de Fryske Music Night'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)