Knegt net nei finale 1500 m.

10 des 2011 - 15:01

Shorttracker Sjinkie Knegt hat him by de wrâldbekerwedstriden yn Sjanghai net pleatst foar de finale op de 1500 meter. Hy wie ticht by in plak yn de einstriid, mar makke yn de lêste bocht in fout. Knegt einige dêrtroch op in teloarstellend achttjinde plak en sakket yn it wrâldbekerklassemint fan it sânde nei it njoggende plak.

De Nederlânske manljusploech mei Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt, wist him ek net te pleatsen foar de finale. It kwartet einige as tredde efter Súd-Koreä en Ingelân dy't beide trochgean nei de finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)