Ljouwerter yn Delfsyl oppakt

10 des 2011 - 14:49

In 20-jierrige Ljouwerter is freedtenacht mei twa oaren yn Delfsyl yn Grinslân oanhâlden. Se hiene de auto fol mei pûden mei himp.

Tsjûgen bellen de plysje dat de auto mei de ljochten út oer de Zwaluwoever ried. Doe't de plysje kaam, naaiden de manlju út. Mei help fan kollega's hawwe de plysjes trije fan de fjouwer fertochten oppakt. De auto en de himp binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)